Koart hurdfytsnijs

02 aug 2003 - 00:00

Pieter Weening fan De Harkema is yn it einklassemint fan de 'Ronde van het Waalse gewest' 21e wurden. Yn de fyfde en lêste etappe einige Pieter as 25e yn it peloton. De einoerwinning wie foar Julian Dean fan Nij-Seelân.

Marco Bos fan Roden wûn freedtejûn de 'Ronde van Schoonoord'. Hy wie nei 80 kilometer de rapste fan in kopgroep fan fiif man. Lambertus Koopmans fan Boalsert wie mei in njoggende plak de bêste Fries.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)