Premiêre Rigoletto yn Spangea

© Omrop Fryslân
Yn Spangea gie freedtejûn de operafilm Rigoletto fan Corina van Eijk yn premiêre foar in entûsjast publyk. Yn de film spilet it ferhaal fan Verdi yn dizze tiid en ek foar in part yn Weststellingwerf. Gilda, de dochter fan Rigoletto, komt oan har ein yn it reidfjild achter de iepenloftbioskoop.
Rigoletto is de earste Nederlânske operafilm. It giet om in folslein eigen en faak ek humoristyske ynterpretaasje. Omrop Fryslân sil de film ek útstjoere.