Roggefeest op It Amelân

© Omrop Fryslân
Mei de klanken fan it Amelanner frouljuskoar sette freedtemiddei op it Amelân it jierlikse Roggefeest út ein. Alwer foar de 17e kear wurdt dit muzyk- en teaterfestival hâlden.
It is in soarte fan Oerol yn it lyts en duorret ien dei. Der binne troch jildkrapte minder artysten as foargeande jierren. It wurdt nammentlik hieltyd dreger om sponsorjild te krijen fan Amelanner bedriuwen. De besikers hoege lykwols neat te beteljen.