De Boer út rockopera Gysbert

01 aug 2003 - 00:00

Marius de Boer, foarman fan Reboelje, is út de rockopera Gysbert stapt. Hy wol himsels beriede op syn muzikale takomst nei 16 jier Reboelje. Der soe gjin artistyk skeel wêze, hy bliuwt foarearst wol by Reboelje.

De Boer is ferfongen troch Tseard Nauta fan klezmerband Di Gojim. Foar de rockopera Gysbert hat dizze wikseling gjin gefolgen. Dy wurdt fan 4 oant en mei 12 septimber opfierd yn de Broeretsjerke yn Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)