Legale graffity op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
In groep graffity-artysten libbet har út yn in fytstunnel ûnder de rûnwei om De Lemmer. Se meie dêr legaal graffity spuitsje. It is de ein fan in jongereinprojekt, wêrby't de gemeente de ferve en in kursuslieder betelle.
It is begûn mei in groep fan acht 'hingjongeren', dy't in kursus graffity krigen en dêrnei sels oan de slach mochten. Se beheare no har eigen spuitbussen en bepale sels wannear't se nei de tunnel gean om te spuitsjen.