Schuiteman op proef by Cambuur

01 aug 2003 - 00:00

Fuotballer Bernard Schuiteman spilet op dit stuit op proef by Cambuur Ljouwert. Schuiteman sil sneon yn Aldegea Wymbritseradiel meidwaan yn 'e oefenwedstriid tsjin Stormvogels Telstar. De 29-jierrige Schuiteman spile yn it ferline by Feyenoord, FC Utrecht en Bayer Leverkusen.

Cambuur-trainer De Boer ferklearre earder dizze wike dat hy noch op syk is nei fersterking foar de definsje fan Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)