Man oanhâlden foar messtekkerij

01 aug 2003 - 00:00

De plysje hat tiisdei in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden, dy't derfan fertocht wurdt dat er yn novimber 2002 in bewaakster fan Greunshiem delstutsen hat. De frou seach op it parkearterrein by it fersoargingshûs dat in man in auto besocht te stellen.

Doe't se him dêrop oanspruts, rûn er op har ôf en stuts har mei in mes by it ear. De fertochte hat yntusken bekend. Hy is tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris en sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)