Baas boppe Baas repetearret wer

© Omrop Fryslân
Baas boppe Baas komt ein dit jier wer op de televyzje by Omrop Fryslân. Dizze wike is de ploech ûnder lieding fan regisseur Steven de Jong wer begûn mei de repetysjes.
Yn de tredde rige oer de populêre Beant Baas en syn famylje sille mear opnames op lokaasje makke wurde. Takom wike woansdei wurdt filme yn Amsterdam. Der wurde sân ôfleveringen opnaam. Nei alle gedachten is hjirnei it boek fan de famylje Baas út.