Harkemase Boys - Stormvogels 1-3

01 aug 2003 - 00:00

De Harkemase Boys ha tongersdeitejûn op sportpark De Bosk op 'e Harkema de earste oefenwedstriid ferlern. Tsjin earste divisionist Stormvogels Telstar waard it 1-3. It doelpunt fan 'e Boys kaam fan Ronny Nolles, dy't dizze simmer oerkaam fan De Jouwer.

De kampioen fan 'e sneons haadklasse C begûn earder dizze wike de tarieding op it nije seizoen. Neffens trainer Sjoerd Jan Eppinga stiet de seleksje der goed foar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)