Wer wykeintsjinst by Rendac

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar hellet dit wykein wer kadavers by de boeren op. Gewoanwei wurket it bedriuw net op sneon en snein. De deade bisten kinne net lang lizzen bliuwe yn ferbân mei it waarme waar.
It bedriuw draait al foar de twadde kear dit jier in wykeinstjinst fanwege it waar. Alle kadavers wurde nei Son yn Brabân brocht dêrt't se ferwurke wurde. Lytse deade bisten as hûnen en katten kinne net ynlevere wurde.