'Pasjint dochs lêst fan aksjes'

© Omrop Fryslân
Pasjinten drige dochs slachtoffer te wurden fan de aksje fan it ambulânsepersoniel. Dat sizze de wurkjouwers yn de sûnenssoarch. Ek de ferfierders sels tinke dat de druk op de soarch te grut wurdt as de aksjes te lang duorje.
De rjochtbank bepaalde tongersdei yn in koart pleit dat de aksjes trochgean meie. De partikuliere ambulânsebedriuwen fiere sûnt moandei aksje foar in legere pinsjoenleeftyd.