Oandielen Thialf wurde ferkocht

31 jul 2003 - 00:00

Is is noch mar de fraach oft der op koarte termyn wer riden wurde kin yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It beslach dat in Grinzer administraasjekantoar op de oandielen fan it memmebedriuw lein hat, is troch de rjochtbank honorearre.

Gefolch is dat de oandielen op 12 augustus ferkocht wurde. Hjirtroch komt it rêdingsplan dat direkteur Nieweg foar Thialf makke hat, op losse skroeven te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)