Acht man meitsje Sjûkelân skjin

© Omrop Fryslân
Tongersdeitemoarn tilde op it Sjûkelân yn Frjentsjer noch op fan 'e fergetten petten en paraplus. Lykas oare jierren leinen der tûzenen bierglêzen. En guon PC-besikers hiene harren reinklean en kessens op 'e tribune lizze litten.
Nei it feest fan woansdeitenacht binne acht skjinmakkers tongersdei betiid begûn om de boel op te rêden. Trochdat der mear minsken wiene as oars wie de binde ek seker net minder as oare jierren.