Hurdfarre op Burgumermar mei wer

© Omrop Fryslân
Besikers fan rekreaasjesintrum Burgumermar by Burgum meie no ek wer hurdfarre tusken de giele betonning op de mar. De provinsje hie dêr it hurd- farren ferbean, mar de rjochter stie it ferline wike al wer ta foar wettersky- skoalle H&D Speed fan Sumar.
Yn in koart pleit dat it rekreaasje- sintrum doe oanspande, spruts de rjochter út dat it hurdfarren no ek wer tastien is foar de besikers fan it rekreaasjesintrum Burgumermar.