Nije oanwinsten Fersetsmuseum

© Omrop Fryslân
In oprop fan it Fersetsmuseum yn Ljouwert om guod út de Twadde Wrâld- oarloch fan souder te heljen, hat in soad ynteressant materiaal opsmiten. Konservator Koopmans is tige wiis mei de nije oanwinsten, dy't foar guon minsken miskien net folle wurdich binne, mar foar it museum wol.
Sa hat it museum der no in bakelieten tinthearring by, dy't brûkt waard as martelark. Ek sit der no in bysûndere tas mei hakekruzen yn de kolleksje.