Teuben wint Ronde fan Appelskea
Tonny Teuben fan De Knipe wûn woansdeitejûn de Ronde fan Appelskea. It wie foar it earst sûnt 1989 dat dit kritearium organisearre waard. Teuben wûn alris earder yn Appelskea, nammentlik yn 1988.
Bas Waayer fan Langeveen waard woansdei twadde, Fries-om-utens Folkert de Haan waard tredde. Germ van der Burg fan Folsgeare waard fjirde.