'Ambu-staking moat ophâlde'

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje Ambulance Zorg Nederland wol fia de rjochter in ein meitsje oan de staking fan it ambulânsepersoniel. De organisaasje easke tongersdei foar de rjochtbank yn Maastricht dat de wurknimmers wer oan de slach gean.
It personeel fan de partikuliere ambulânsetsjinsten draait sûnt moandei sneinstsjinsten. Pasjinten wurde bûten needgefallen net ferfierd, út protest tsjin de hege pinsjoenleeftyd.