Kliq bliuwt yn Ljouwert

31 jul 2003 - 00:00

De haadlokaasje fan reyntegraasje- bedriuw Kliq yn Ljouwert bliuwt bestean. Kliq reorganisearret bot de kommende tiid en dêrby komme lanlik 850 banen te ferfallen. De measte klappen falle yn de útfierende funksjes. Ek ferdwine der tsien fan de 26 lokaasjes.

Yn Ljouwert geane wol banen ferlern, sa seit in wurdfierder. Oer in pear wiken sil pas bekend wurde om hoefolle banen it úteinlik giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)