Johannes Dijkstra kening PC

© Omrop Fryslân
Johannes Dijkstra waard woansdeitejûn troch de keningskommisje útroppen ta kening fan 'e jubileum-PC. Syn maten hâldden hjir al rekken mei, want Dijkstra stie by de priisútrikking yn 'e midden. As earste en konstante opslagger hie Dijkstra in wichtich oandiel yn 'e oerwinning op 'e PC.
De oerwinning fan Dijkstra-en-dy wie in ferrassing, want it ôfrûne seizoen wisten se oant no net ien partij te winnen.