Nij restaurant yn Drachten

© Omrop Fryslân
Autentyk Yndonesysk iten is meikoarten yn Drachten te krijen. Restaurant Cabé iepenet freed syn doarren. Eigner Hendrik Wieland soarget net inkeld foar kulinêr iten, mar hat ek alle meubels en bestek ûntwurpen. Hy is nammentlik arsjitekt. Alle gerjochten wurde op autentike wize makke troch in topkok út Yndonesië.
Der moatte noch fiif Cabé-restaurants bykomme yn de rest fan it lân. Blaricum sil april takom jier iepengean.