Huisman wint by Sleat

30 jul 2003 - 00:00

Jacob Huisman hat it skûtsjesilen by Sleat woansdei wûn. Mei syn Ut 'e striid wie dat de twadde oerwinning by de IFKS dit jier. It wie in moaie wedstriid op de Sleattemermar mei in noflike wyn. Twad waard Jeroen de Vos mei de Eelkje II en as tredde einige Willem Timmer mei it skûtsje de Ora et Labora. As lêste kaam Jentje Schraa binnen.

Yn it klassemint liedt Huisman ek. Der wienen gjin protesten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)