Gjin problemen troch ambu-aksjes

30 jul 2003 - 00:00

De aksjes fan it partikuliere ambulânsepersoneel soargen woansdei ek noch net foar problemen by de Fryske sikehûzen. Gjin inkeld sikehûs sit mei in tekoart oan romte om't pasjinten dy't nei hûs kinne soene, net ophelle wurde troch de ambulânses.

As it MCL yn Ljouwert swierrichheden krijt, dan wol it Antonius-sikehûs yn Snits wol stipe jaan. It ambulânse- personeel fan Snits falt net ûnder deselde CAO en fiert dêrom gjin aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)