Hynstekeuring op de Gordyk

30 jul 2003 - 00:00

De KVWPN, de Koninklijke Vereniging Warmbloed Paardenstamboek Nederland, hâlde woansdei de sintrale keuring op de Gordyk. Goed 300 hynders diene dêr in rûntsje foar de sjuery. Lykas oare jierren is it nivo yn Fryslân heger as yn de rest fan it lân.

It wie foar de eigners in spannende dei om't by dizze keuring guon merjes ta 'stermerrie' kard wurde. Mei dat predikaat wurde de hynders in stik mear wurdich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)