De Terschelling faker oan wâl

© Omrop Fryslân
It betonningsskip de 'Terschelling' sil dit jier faker oan de kant lizzen bliuwe. 2003 is in proefjier wêryn de boeken minder faak ynspektearre of wiksele wurde, sa seit de wurdfierder fan Rykswettersteat direksje Noardsee. Neffens Rykswettersteat kin it ûnderhâld oan de boeien effisjinter.
Dit jier hat de fermindere ynset fan de Terschelling noch gjin gefolgen hân foar it personeel. Dat is takom jier mooglik wol it gefal.