Fryske Gea werom nei kearntaak

30 jul 2003 - 00:00

It Fryske Gea moat natuerprojekten skrasse om't de ynkomsten flink ôffalle. De belangrykste taak fan de organisaasje wurdt wer it behearen fan de natuergebieten. Der komt mar ien besikerssintrum. Dat binne der trije minder as pland wie.

De direksje fan it Fryske Gea hat tajûn dat it entûsjasme te grut wie doe't it ekonomysk noch allegear goed gie. Om de besunigings te beheinen sil it Gea om tafel mei provinsje en gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)