Undersyk nei minne ûntfangst

© Omrop Fryslân
Saakkundigen hawwe tiisdei mei in soad apparatuer en draachbere radio's besjoen oft it ûntfangstsinjaal fan Omrop Fryslân Radio op guon plakken goed genôch is. It ûndersyk wurdt dien troch spesjalisten fan it ministearje fan Ekonomyske Saken, stjoerder- maatskippij Nozema en Omrop Fryslân.
De saakkundigen komme by de minsken thús dy't oanjûn hawwe problemen te hawwen mei de ûntfangst. Sûnt de frekwinsjewiksel binne der klachten.