Aksje Simmerwetter hat súkses

© Omrop Fryslân
De Fryske wetters binne dizze simmer feiliger wurden troch strangere kontroles op te hurd farren en te folle alkohol. Ek troch bettere foarljochting wurdt der dit jier minder hurd fearn en binne der net folle minsken dy't mei te folle drank op oan it roer steane.
Ut de tuskenstân fan de aksje Simmer- wettertasicht 2003 docht bliken dat de plysje sawat 52 proses-ferbalen útskreaun hat foar te hurd farren. Twa minsken binne oanhâlden fanwege alkohol.