Wurk Willemsma yn Fries Museum

© Omrop Fryslân
Keunstner Ids Willemsma eksporearret fan sneon ôf yn it Frysk Museum. Op de útstalling 'No Sa' sille benammen tekenings te sjen wêze fan 'e keunstner út Easterwierrum. It giet om 24 tekenings fan 'e lêste jierren.
Tema fan 'e útstalling is de fergonklikheid, it libben en de dea. Njonken de tekenings is op de eksposysje it houten byld Tsjerkebuorren te sjen. De útstalling bliuwt oant jannewaris 2004.