Fytsfjouwerdaagse yn Appelskea

© Omrop Fryslân
Hûnderten fyts-feteranen giene tiisdei fan start by de fjouwerdaachse fan Appelskea. It grutte fytsevenemint wurdt dizze wike foar de 24ste kear organisearre. Eartiids begûn de tocht mei 400 dielnimmers. No komt der in fêste ploech fan 2000 fytsers op ôf. Dat binne benammen âldere minsken.
Dit jier kin der keazen wurde út trije ôfstannen: 25, 40 en 60 kilometer. De 80 kilometer dy't oars ek op it program stie, is skrast.