Gjin strafkoarting foar Prins

29 jul 2003 - 00:00

Feehâlder Prins fan Ie hat tiisdei te hearren krigen dat de strafkoarting dy't syn bedriuw oplein wie, definityf fan de baan is. Prins krige in koarting fan goed 50.000 euro oplein om't de registraasje fan de feestapel net folslein wie. Letter waard de boete werombrocht nei 25.000 euro, mar ek dat bedrach hoecht Prins net te beteljen.

By de tongblierkrisis waarden guon boeren koarte op harren kompensaasje as de administraasje net op oarder wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)