Knot ferwûne by skûtsjesilen

© Omrop Fryslân
Menno Knot(52) fan Sleat, lid fan 'e bemanning fan Jentsje Schraa, is moandei slim ferwûne rekke. Knot rekke te wetter doe't er fan it iene skip op it oare stappe soe. Hy koe sels net út it wetter komme en waard pas letter rêden troch oare bemanningsleden. Knot is yn koma opnommen yn it sikehûs.
Knot is ek bekend as fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn Fryslân. Jentsje Schraa wie ynearsten fan doel om tiisdei net mei te silen, mar hy is dochs starten.