Skieppehâlder stapt nei rjochter

29 jul 2003 - 00:00

Skieppehâlder Mast fan Aldlemmer stapt nei de rjochter. Hy is it net iens mei de bistebeskerming. Dy hat ferline wike in pear hûndert fan syn 1500 skiep yn beslach nommen. Se soenen slim fertutearze wêze. Neffens Mast is der neat mis mei syn bisten. Hy rûst de wearde fan de skiep dy't yn beslach nommen binne op 20.000 euro.

De bistebeskerming kin neat sizze om't de saak by justysje leit. Ek de plysje wol gjin taljochting op de saak jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)