Ambulânsepersoniel staakt troch

© Omrop Fryslân
It ambulânsepersoniel fan de partikuliere ferfierders staakt tiisdei ek. Dat ha se nei de earste stakingsdei fan moandei de jûns besletten. De aksje hâldt yn dat de partikuliere ambulânses allinne ride yn needgefallen en dat pasjinten dy't nei hûs ta kinne, net troch de sikewein fuortbrocht wurde.
De Fryske sikehuzen ha noch net folle lêst fan de aksjes. As de aksje noch langer duorret, kin it lestich wurde, om't minsken dan bêden beset hâlde.