Brûnzen hynder nei Denemarken

28 jul 2003 - 00:00

Keunstner Hans Jouta fan Ferwert hat foar in Deense hynstehâlderij in Frysk hynder fan brûns makke. It keunstwurk is op wiere grutte. Jouta hat der trije moanne mei dwaande west.

It brûnzen hynder weaget goed 1000 kilo. It wurdt freed ferfierd nei Kopenhagen. Jouta wol net sizze hoefolle it byld koste hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)