Surch faaks yn twaen snijd

28 jul 2003 - 00:00

It doarp Surch driget yn twaen snijd te wurden, no't de krusing yn it doarp mooglik ferdwynt. Neffens de ynwenners moat der dêrom in tunnel ûnder de dyk trochkomme. In akseptabel alternatyf soe ek wêze kinne dat de besteande krusing behâlden bliuwt, mar dan mei ferkearsljochten.

By de ferdûbeling fan de rykswei tusken Harns en Surch moat der rekken hâlden wurde mei de belangen fan de twahûndert ynwenners fan Surch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)