Ballonfeesten wienen suksesfol

28 jul 2003 - 00:00

Sa'n 30.000 minsken ha by de ballonfeesten op De Jouwer west. It barren duorre fan woansdei oant en mei snein. De organisaasje sjocht tefreden werom op de achttjinde edysje. Der wienen 5000 besikers mear as ferline jier. De 35 ballonnen koenen freedtejûn net de loft yn fanwegen min waar.

De djoerste ballon (230.000 euro) fan Europa wie ek te sjen. Yn it ramt fan it jier fan Vincent van Gogh wie de holle fan de skilder as ballon makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)