Skatekster nei 30 jier wer werom

© Omrop Fryslân
Yn de Ryptsjerksterpolder is ferline wike de skatekster sjoen. It giet om in pearke dat der mooglik oan it brieden is. De fynst fan de 'grauwe klauwier' is bysûnder om't de fûgel al tritich jier net mear sjoen is yn Fryslân.
De fûgel ferdwûn om't it lânskip te bot feroare. De skatekster briedt it leafst yn de omkriten fan nôtfjilden en toarnbeistruken. As de pykjes hjir grut brocht wurde, is de kâns grut dat se takom jier wer yn Fryslân weromkomme.