Skele tiger operearre

27 jul 2003 - 00:00

De skele tiger Ramses is snein operearre oan de eagen. De 1-jierrige tiger ferbliuwt yn rôfdiere-opfang Pantera yn Nijeberkeap. Hy is operearre troch Guus Blokland, dy't gewoanlik ek operaasjes útfiert yn Pantera.

Ramses moat noch wol twa wiken herstelle fan de operaasje. Snein wie al dúdlik dat de operaasje slagge wie. Om't Ramses skeel wie koe er dingen net goed sjen. Hy koe him dêrtroch net goed bewege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)