IFKS: Huisman wint by Hylpen

26 jul 2003 - 00:00

Jacob Huisman wûn mei syn skûtsje Ut 'e striid sneon de earste wedstriid yn 'e IFKS-kompetysje op 'e Iselmar by Hylpen. Huisman rûn der in hiel ein út en wie foar de konkurrinsje net mear te achterheljen.

Brundel, De Koe en Eelke Dykstra strieden om it twadde plak. Brundel luts oan de langste ein en waard twadde, De Koe waard tredde en Dykstra fjirde. Dykstra waard lykwols útsletten troch in protest fan de Frisia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)