Dei fan de toerist yn Dokkum

26 jul 2003 - 00:00

De toerist stie sneon sintraal yn Dokkum. Foar de sechde kear wie dêr de dei fan de toerist. Mei in heechwurker koe Dokkum fan boppe ôf besjoen wurde en mei in trekskip koe Dokkum fan it wetter ôf belibbe wurde. In Sweedske skotsploech soarge foar muzyk en dûns.

De organisaasje is yn hannen fan de ûndernimmersferiening Club 65. Al jierren ha se itselde program. Neffens de klub en de besikers is dat bêst genôch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)