Bewâldfierder oer takomst Brada

© Omrop Fryslân
De wurkgelegenheid hâlde en de slachterij fan Brada wer draaie litte. Dat binne de doelen fan bewâldfierder Van der Spek fan de slachter. It Ljouwerter bedriuw hat fan 'e wike útstel fan betelling oanfrege. Om't der hieltyd minder kij oanbean wurde, rekke de slachter yn swier waar.
Van der Spek praat moandei mei de bank oer de finansjele takomst fan Brada. It personiel wurdt ek moandei ynljochte oer de fierdere gong fan saken.