Staking gjin gefaar foar pasjint

© Omrop Fryslân
It ambulânseferfier komt net yn gefaar as de ambulânsemeiwurkers moandei stake. Dy garânsje jout foarsitter Kijlstra fan de ambulânsefoarsjenning Fryslân. Hy hat ôfspraken makke mei de aksjelieders.
It ambulânsepersoniel staakt om't se lykas har kollega's yn oerheidstsjinst earder gebrûk meitsje wolle fan de VUT. De petearen dêroer tusken fakbûnen en personiel rinne al mear as in jier. Oant no ta hat dat noch neat opsmiten.