Part pleats wer iepensteld

26 jul 2003 - 00:00

De eigners fan de kampearbuorkerij yn Warten meie in part fan de akkommodaasje wer brûke. Se ha deroer ôfspraken makke mei de gemeente. Kontroleurs fan de gemeente sleaten de pleats Luctor et Emergo woansdei om't it te gefaarlik wie. Der wienen bygelyks gjin brânblussers.

In part fan de benedenferdjipping mei wer iepen as der in pear oanpassingen dien wurde. Ek meie de eigners tinten delsette foar de gasten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)