Utwreiding projekt 'Full Colour'

25 jul 2003 - 00:00

It Ljouwerter projekt 'Full Colour' dat allochtoane jongeren út de kriminaliteit hâlde moat, kriget neifolging yn de hiele provinsje. Dat lit de gemeente Ljouwert wite. De earste ûnderfiningen yn Ljouwert binne foarsichtich posityf.

De nije oanpak sil oer in heal jier tapast wurde yn Drachten, Snits en op It Hearrenfean. De gemeenten wolle de problemen by de jongeren foaral previntyf bestride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)