Ynskriuwe Snitswike fia website

25 jul 2003 - 00:00

De nije ynternetsite fan de Snitswike, sneekweek.nl, nimt de organisaasje in soad wurk út hannen. It publyk kin him no op de site ynskriuwe foar de wedstriden, ek foar dy bûten de Snitswike om.

Dat moast eartiids altiten mei de hân ynfierd wurde troch it personiel fan de Keninklike wettersportferiening yn Snits. Minsken kinne fia de site ek kaarten foar de ferskate feesten keapje. De Snitswike begjint dit wykein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)