Wer kij op kokedei

© Omrop Fryslân
Op de jierlikse kokedei yn Warkum sille sa't it no liket dit jier wer echte kij kard wurde. Twa jier lang wie der gjin ko te sjen op kokedei, fanwege de tongblierútbraak en ferline jier om't der te min kij oanbean waarden.
De organisaasje hat dit jier lykwols genôch tasizzingen krigen fan feehâlders dy't meidwaan wolle oan de kijkarring. Der sille yn septimber nei alle gedachten tusken de 80 oant 100 kij kard wurde op de 103e kokedei.