VVD benaud foar baneferlies

25 jul 2003 - 00:00

De VVD yn Ljouwert is benaud dat besunigingen by it ministearje fan Lânbou konsekwinsjes ha sille foar de wurkgelegenheid yn Ljouwert. De direksje Noord fan it ministearje is in skoft lyn al ferhuze nei Grins. Dochs wurkje der yn Ljouwert noch wol minsken yn útfierende funksjes.

De VVD ferwachtet dat ek by oare ministearjes noch besunigingen folgje sille. De VVD freget yn in brief oan B&W om in ûndersyk en in aksjeplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)