Atsma: klachten serieus nimme

© Omrop Fryslân
De ûntfangst fan Omrop Fryslân radio fia de nije frekwinsje 92.2 is noch minder as tocht waard. Dat jouwe de mear as tûzen klachten oan dy't yn trije dagen tiid by de omrop binnenkommen binne.
It is foar CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma ûnbesprekber dat minsken har eigen omrop net ûntfange kinne. Hy fynt dat de klagers serieus nommen wurde moatte. It wol him net oan dat it oan de radiotastellen leit.