Snits foar fjirde kear kampioen

24 jul 2003 - 00:00

By it skûtsjesilen op 'e Lemmer die tongersdei bliken dat de Sneker Pan kampioen wurdt fan it SKS-skûtsjesilen 2003. Skipper Douwe Visser stiet sa heech yn it klassemint dat er net mear yn te heljen falt. Snits wurdt foar de fjirde kear kampioen. Freed wurdt de lêste wedstryd syld op 'e Snitsermar.

It silen op 'e Lemmer duorre fanwege it waar mar in oerke. De Lemmer waard earste, dêrnei de Heale Moanne en Earnewâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)