Mûnein op keunstwurk tsjin

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Mûnein fersette harren tsjin de komst fan in keunstwurk. De gemeente Tytjerksteradiel wol yn it rivierke de Zwartebroek in byld fan goed seis meter heech delsette. De Mûneiners fine it net passen yn de natuer. Ek binne se bang foar gefaarlike situaasjes. Ynwenners fan Mûnein en Ryptsjerk hawwe hantekens ynsammele.
It keunstwurk is in stapel kubussen fan blauskildere ruskfrijstielen buizen.